Federaasje partij yn Mantgum

Foar mear foto’s sjoch yn it album “federaasje.” Op de list stienen dit jier 26 pertoer. Yn alle kategoryen keatsen de jonges en de famkes meielkoar. De welpen en de pupillen keatsen mei in ôffal ronde en de skoaljeugd en de jonges en famkes keatsten yn poeltsjes. By de welpen wie de 1e foar Hindrik Meinsma en Idsert Wijnja, de 2e foar Arjan Hofstra en Anneke Zijlstra en de 3e priis wie foar Rick Warle en Durkje Zijlstra. Bij de pupillen gongen de krânsen nei Haye Jan de Boer en Stef Warle de 2e priis wie hjir foar Casper Aukes en Rixt van der Weide en de 3e wie foar Jan Thomas Faber en Laurens van der Pol.

It poeltsje by de skoaljonges en famkes waarde wûn troch Steven Hemstra, Anna Gé Heeg en Joost Verheus en de 2e priis wie foar Anne Boschma, Fenne Bijlsma en Dirk Jorritsma. By de jonges en famkes waard yn twa poeltsjes keatst. De winners fan beide poeltsjes keatsten om de prizen. De krânsen gongen hjir nei Menno Eringa en Gerrit Jan Veenendaal. De preemje wie hjir foar Jasper Visser, Gabriële Bouma en Wietske Metzlar. Al mei al in moaie keatserij.

Geplaatst op 07 June 2008